Hea! fan 30 novimber 2016 17:35

Jan van Zonderland en Eelke de Haan fan Nyegea binne al jierrenlang maten. Se binne mannen fan 'e natoer en strune graach tegearre yn it fjild om. Jûns sitte se it leafst op it lytse heasouderke boppe de hynstestâl fan Jan. Dêr binne se dan drok mei einekoerflechtsjen. As se de tiid hiene, woene se dêr wol alle jûnen sitte.
En Siep Dijkstra fan Wâlterswâld hat it leafst stoarmich waar. Want dan kin hy op 'en paad mei syn mobile houtseachmasine.

De souder fan Jan en Eelke

Einekoerflechtsje boppe de hynstestâl.

De seachmasine fan Siep Dijkstra

Op 'en paad mei de mobile seachmasine.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)