Hea! fan 30 novimber 2011

De jachthoarnblazers fan Hantum
De mannen fan de jachthoarngroep Wad'n Klank oefenje ien kear yn 'e wike yn Hantum. Hjirmei besykje se de tradysje fan it jachthoarnblazen yn stân hâlde. Op dizze jûns blaze se net allinnich op harren ynstrumint, it is der altyd in gesellige boel der't de ferhalen oer de jacht oer de tafel hinne fleane.

Goeie!
Omdat André Pietersma fan Warns wat frisse lucht foar syn pineholle nedich hat, rommet hy mar de bledsjes op yn syn tún. It wie wat let wurden by it biljerten, justerjûn yn Starum, fjouwer kilometer fierderop. No stiet syn hûs te keap, want yn Starum is altyd wat te dwaan.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)