Hea! fan 30 maart 2016 18:20

De Sint Clemenstsjerke op it Amelân is yn 2013 hielendal ôfbrând. Allinnich de muorren stiene noch. No is de opbou wer safier dat de toer op de tsjerke pleatst wurde kin. De grutte kraan is yn twa dielen nei it eilân brocht. Der is in bulte publyk op ôf kaam. Sy fine it prachtich dat de tsjerke wer safier klear is, mar fine it ek spannend. No komt it der op oan. It stekt hiel krekt, it moat allegearre passe fansels.

It Reade Krús hat ferskate ynsammelaksjes holden doe’t de flechtelingestream hiel grut wie yn septimber. No is it noch hieltyd drok yn it distribúsjesintrum fan it Reade Krús yn Drachten. De frijwilligers sortearje de klean, skuon en oare dingen op maat yn doazen. Dizze wurde nei de AZC’s brocht. Mar se komme ek hiel aparte saken tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)