Hea! fan 30 maart 2015 18:20

Mark Boxum fan Koudum is de master fan it gewear. Hy is wapenhanneler en hy wit alles te herstellen dêr't in kolf oan sit. As jonkje fan 6 jier waard hy al grepen troch it jachtfirus en yn syn skoaltiid hat hy de keunst fan reparearen ôfsjoen yn ferskate saken dêr't hy wurke hat. Sûnt 1979 hat hy syn eigen wurkpleats yn Koudum en as je dêr binnen komme, dan kom je yn in hiel bysûndere wrâld.

En wy sizze Goeie yn Noardburgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)