Hea! fan 30 maaie 2016 18:20

Harry van der Weide fan Jirnsum wurket al fjirtich jier foar boer Titus de Wolff op Flânsum. Fan de titel agragysk meiwurker moat Van der Weide neat hawwe. Hy is gewoan boere-arbeider en dat moat ek sa bliuwe, neffens Harry.

Sneon slingeret der wer in lang lint fan kuierders troch Fryslân hinne. De 15.000 minsken dy't de Slachte rinne sille, starte moarns yn Easterbierrum by de seedyk en hoopje nei 42 km yn Raerd oer de einstreek te kommen. Yn it âlderearste hûs dat de kuierders tsjinkomme, wenje Tjipke en Tryntsje Bergsma. Sy wenje al 28 jier mei in soad nocht oan de Slachte.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)