Hea! fan 30 jannewaris 2015 18:20

De Molkwarder koeke wurdt al sûnt 1916 yn Molkwar makke. Mar no is it bedriuw út syn jaske groeid en ferhúzje de koekebakkers nei De Jouwer. Dit is in hiele feroaring foar it doarp en ek foar it personiel. Bakker Hendrik Haanstra is hast 20 jier yn tsjinst en giet mei oer nei De Jouwer.

Wilko Bijlsma hat 19 jier wurke as kok by in ynstelling, mar hat no it roer omsmiten. Hy hat fan syn hobby syn berop makke. It is drok mar hy wol nea wer oars. "Ik libje in dream" seit hy.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)