Hea! fan 30 jannewaris 2012

Yn Ljouwert wennet Bauke van der Veen yn in hûs fol boeken. Hy hat eins noch mar ien stoel om op te sitten, fierder stean alle keamers fol mei boeken en kranten. Van der Veen wit alles fan fûgels en Ald Huzum en hat ek in hiel soad boeken hjir oer.

En yn Goeie! binne wy hjoed yn Ternaard by Slachter Smit. De slachter hat krekt in poppe krigen, in famke. De grutske heit wol syn dochter wol efkes sjen litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)