Hea! fan 30 augustus 2012

Yn Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum liket it wol oft der in feestje oan 'e gong is. It is de swimfjouwerdaagse én moai waar. Dochs is der net allinnich mar wille, der is ek ferdriet om in ôfskied. Ron van der Meulen is de badmeester en nei 15 jier yn Mounewetter sil er mei pensjoen. En de bern sille him tige misse.

Ut it Hea! simmerargyf:
De famylje Drijfhout yn Jistrum hat in nije oanwinst yn 'e tún rinnen. It is in lytse ezel. Syn namme is Pieter, want hy is ferneamd nei de boer fan de pleats dêr't er berne is. Mar mem hie neat mei lytse Pieter en no is hy leafdefol opfong by de famylje Drijfhout en harren oare húsdieren. (in werhelling fan 11 juny 2012) En yn Goeie! in stel dat oan it luierjen is oan de wetterkant. Se komme net út Fryslân ek al fielt it kwa lûd as wienen se thús. (út Hea! fan 7 juny 2012)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)