Hea! fan 30 april 2015 18:20

Fan fûgelhúskes oant meubels, lampen en in skaakspul. Hobbywurkpleats Sint Nyk jout minsken dy’t net mear yn it wurkproses sitte de mooglikheid om te nifeljen mei hout. Timmerje, hout draaie, laskje, skilderje; de hobbyisten binne der mar drok mei dwaande. En dat binne net allinnich manlju...

‘Asto ienris sa aktyf bist, dan bliuwsto sa aktyf’. Wybe Kloppenburg en Bert Feijen hawwe in lichaamlike beheining, wêrtroch se net mear gewoan sporte kinne. Mar dêr litte se it net by sitte. Hânbiken biedt de sportive útkomst. Op in middei kinne se mei harren earms wol 50 kilometer fytse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)