Hea! fan 30 april 2014 17:40

It giet goed mei it draafhynder Derek Buitenzorg. Yn syn lêste koers op Wolvegea waard hy mar leafst tredde yn in swiere koers mei stevige konkurrinsje. Wa hie dat tocht doe't de sportredaksje fan Omrop Fryslân him in pear jier lyn rêde fan de slacht. Syn trainer Arend de Wrede fan Oerterp is dan ek o sa grutsk op Derek. Hea! socht Arend en ús Derek op.

En Piet en Martha Kaastra wenje op it prachtige 'Landgoed Hizzard' by Lollum. Piet hâldt him dêr ûnder oare dwaande mei de bewurking fan lokale houtsoarten. Fan hiele grutte beamstammen makket hy meubels en túnmeubilêr. En dy meie der dan ek wol wat rûch útsjen want it hout moatte je sjen neffens Piet, oars kinne je better meubels fan keunststof keapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)