Hea! fan 3 oktober 2016 17:35

Ferklaaid as krystman komt Willem Sonnema fan Wurdum foar de sechsde kear op in pikante kalinder. De kalinder docht it hiel goed as relaasjegeskink foar syn bedriuw. Sels hat Willem de 12 bikinimodellen útsocht dy’t der op stean.

De mûltsjes wurkje, mar de hantsjes ek. De mûtsen fan Lollum meitsje fan it beantsjes puoljen in gesellich barren. En Piet Kaastra hat it der mar drok mei.

Spesjale kalinder út Wurdum

Krystman Willem Sonnema hat de kalinder-modellen sels útkeazen. “It binne gewoane Fryske froulju sa’t se by jo en my ek oan de tafel sitte”.

Beantsjes puoljen yn Lollum

Piet Kaastra moat alle froulju tefreden hâlde by it puoljen fan de reade krobbe en it wâldbeantsje yn Lollum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)