Hea! fan 3 novimber 2016 17:35

Siebren Kempenaar is fannewike 45 jier yn tsjinst as boerefeint by de maatskip fan de famylje Schevel yn Suwâld. Kempenaar is hast 80 jier en wurket al 4 generaasjes foar de famylje. En it moaie is: hy docht dat noch hieltyd want hy kin der net sûnder. Alle moarnen om 4.30 oere helje de Schevels him op by fersoarchingssintrum Berchhiem yn Burgum der't Siebren no wennet. De boerefeint wurket dan oant tolve oere op de pleats yn Suwâld. Kempenaar hat noait troud west, en wenne sa'n 30 jier lang by de famylje Schevel yn.

Boerefeint

Miskien wol de lêste boerefeint fan Fryslân: Siebren Kempenaar.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)