Hea! fan 3 novimber 2012

  • Jan Balts en Eus de Groot

Yn Harns rinne twa manlju hast alle dagen troch de stêd mei in fotokamera. Foar Eus de Groot en Jan Balts is it fotografearjen fan it eigen 'stadsje' harren wille en tier. Fia facebook hâlde de manlju fan inoar yn 'e gaten wat der op de foto set wurdt. In kompetysje is it noch krekt net.

Yn Goeie! treffen wy in twa fammen tidens harren lunsj-pauze. It petear giet al gau oer manlju fansels?

Henk Johan Bisschop hat yn Ljouwert in romte fol mei Fryske artikels. Fia ynternet ferkeapet hy fan alles, as der mar wat Frysks op stiet. Hy hat krekt wer in lading alvestêde-hûskes binnenkrigen, dy binne yn de krysttiid hiel populêr. Mar ek foar waarmere tiden hat Bisschop in eigen ûntwerp yn syn winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)