Hea! fan 3 maart 2015 18:20

Yn it Ruurd Wiersma Hûs yn Burdaard kinne de bern skilderje yn de styl fan Ruurd Wiersma. It sjocht der boartlik en maklik út, mar neat is minder wier. Ernst Bakker fertelt der oer en helpt de bern op gong.

It is allegear begûn op de souder fan syn eigen hûs. Opteard en tige krap is Sipke Koning dêr begûn mei it meitsjen en reparearjen fan mûneseilen. Op dit stuit hat hy in romme wurkpleats neist de mûne fan Stiens. Foar Sipke is it de ideale wurksituaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)