Hea! fan 3 maart 2014 17:40

Yn HEA! in blik achter de skermen by it nije berneprogramma, ‘Kening Hert & Harry Hazze’. Haadrolspilers binne de yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze. Akteurs Thijs Meester (Kening Hert) en Brecht Wassenaar (Harry Hazze) spylje de sênes mei in grutte hânpop. Sy binne dêrby tagelyk mei de pop yn byld. De akteurs en de poppen wurde ien, sy fersmelte meielkoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)