Hea! fan 3 maart 2012

Leeftiid: 104 jier
Frou Laméris is ôfrûne wike 104 jier wurden. Se wennet yn soarchsintrum Berchhiem yn Burgum, en is noch aardich by de tiid. Neat dwaan is der net by foar har, en se mei graach breidzje foar Roemenië of Poalen. Sels as de oare bewenners middeis in knipperke dogge, breidet sy gewoan troch. Underwilens fertelt se it échte geheim fan in moaie hûd.
 
Spjeldsjes per kilo
Jaap Schuurman fan Easterwâlde sparret spjeldsjes út de jierren 50 en 60. Dy krigen jo eartiids by de boadskippen. Hy sorteart de spjeldsjes earst per artikel en hinget se dan allegear efter fotolisten. Schuurman keapet se fia Marktplaats. Net per stik, mar per kilo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)