Hea! fan 3 maaie 2012

Stienstra út Ljouwert hat in pear bysûndere dagen achter de rêch. Ofrûne freed krige hy in lintsje foar al syn frijwilligerswurk. Dat lintsje wie foar him oanfrege troch syn freonen fan biljertklup Het Keldertje, in klup fan âld-Philips meiwurkers. Op de wyklikse biljertjûn moest Stienstra it lintsje efkes sjen litte fansels.

Gerrit Haagsma út Aldeboarn wie yn de 40'er jierren noch mar in lyts jonkje mar de Twadde Wrâldoarloch hat altyd syn ynteresse hân. Yn syn wenhûs hat hy in 'memorial museum' ynrjochte, dêr't ûnder oaren restanten fan in fleantúch te sjen binne dat achter Akkrum delstoarten is. De omkommen bemanning fan dat fleantúch hat dêr ek in monumint krigen.
(it museum fan Haagsma is kommende sneon te besichtigjen)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)