Hea! fan 3 juny 2015 18:20

Jongeren mei in beheining krije faak gjin autorydlessen. Sjoukje van der Leij rint staazje by in deibesteging foar sokke jongeren en betocht dat it dochs wol aardich wêze soe om se hjir mei yn de kunde te bringen. Yn Drachten komme se mei allerhanne soarten weinen yn de kunde en meie se der sels yn ride.

De ynstream fan nije learlingen yn groep 1 fan de kristlike basisskoalle De Regenboog yn Dokkum naam dit jier dûbel ta. Der sitte mar leafst fiif twillingen yn, ferdield oer twa groepen. Mar lykje se ek opinoar? Sels fine se fan net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)