Hea! fan 29 oktober 2013 17:40

Dûnsjende fytsen, stoarmtoeristen, stikkene seilen: it Hea!-team wie moandei mei de ekstreem hurde wyn yn Ljouwert en de Súdwesthoeke fan Fryslân. Der barde fan alles op strjitte en yn 'e haven fan Starum, Warkum en Hylpen.

Mindert Kloosterman fan Surhuzum is hast alle dagen as frijwilliger oan it wurk by fuotbalferiening ASC '75 yn Stynsgea. Hy docht al jierrenlang it ûnderhâld. Mar doe't er tiisdeitemoarn by de kantine kaam, seach it der net bêst út. De stoarm hie ek hjir bot húshâlden.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)