Hea! fan 29 novimber 2016 17:35

It is al in tradysje: it Sinteklazesprookje op It Bilt. Al mear as 30 jier bringe tsientallen frijwilligers alle jierren yn de Sinteklazetiid in mearke op de planken fan doarpshûs Ons Huis yn Sint-Anne. Bedoeld foar skoalbern út de wide omjouwing. De spilers en de minsken achter de skermen binne der al fan de simmer ôf mei dwaande. Hea! mocht achter de kûlizen sjen ûnder de foarstelling 'Het geheim van de Moddermakers'.
It is wer wat oars as kuierje mei de hûn. Brigit Hofstra fan Terkaple rint in hiel ein mei harren jonge ponny. Sa moat it bist wenne oan it ferkear, want Brigit's dochter sil op de ponny ride.

Sinteklaassprookje Sint-Anne

Hûnderten bern genietsje alle jierren fan it Sinteklazemearke op it Bilt. Mar wat bart der ûnder de foarstelling allegearre achter de skermen?

Pony Goaiïngaryp

De pony fan Brigit Hofstra fan Terkaple moat noch wat wenne oan it ferkear. Dêrom giet se mei him te kuierjen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)