Hea! fan 29 maaie 2014 17:35

De bern fan basisskoalle De Twirre fan Doanjum woene harren mem wolris ferrasse. En dus krigen alle memmen in fuottebad, nagellak en in hearlike massaazje. En op it stasjon fan Ljouwert moasten se lang wachtsje. Mar de fans fan de searje Game of Thrones hiene dat der wol foar oer. De izeren troan út de televyzjesearje stie in koart skoft op it Ljouwerter stasjon. En dêr wol je dan fansels wol efkes op sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)