Hea! fan 29 juny 2016 18:20

Gerrit en Erwin út Britsum ha in klusjesbedriuw opset om sa jild te fertsjinjen om harren hok te ferbouwen. It bedriuw hat sels in eigen namme: BVL. En in eigen facebookside. De jonges binne noch mar 12 jier mar ha it der al tige drok mei. Se dogge alderhande putsjes foar minsken yn de buert en fertsjinje der goed mei. Sels freonen helpe mei, mar dy krije der gjin jild foar! It jild ynvestearje se yn de ferbou en ynrjochting fan harren hok.

Nynke van Duinen út Ljouwert is 68 jier mar jout noch hieltyd balletles. Sy is ien fan de lêste der Mohikanen yn de echte balletwrâld. Dûnsje is har passy. Se kin har in libben sûnder dûnsjen net foarstelle. Mar se is ek strang en easket in protte fan har learlingen. Elkenien moat by de training deselde klean oan en it hier moat omheech. We folgje har by in les foar bern fan 6 oant 10 jier. De bern fine har strang mar wol hiel leaf.

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)