Hea! fan 29 jannewaris 2015 18:20

Germ IJnema is al 20 jier frijwilliger by de Klusbus fan Noorderbreedte. Hy helpt thús by minsken dy't sels net mear alles kinne of doarre. Germ fynt it frijwilligerswurk machtich om te dwaan en de minsken binne o sa wiis mei alle frijwilligers fan de Klusbus.

Wim ten Brinke seit dat er in echt kowehert hat en wurket dan ek alwer 34 jier mei in soad wille as feedokter yn Oerterp. Hy komt fan oarsprong út de Noardeastpolder, mar hy en syn frou hoegden net lang nei te tinken doe't se frege binne om nei Fryslân te kommen. Wim is op dit stuit mei syn lêste wurkmoanne dwaande.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)