Hea! fan 29 augustus 2012

Op it hôf om de tsjerke fan Wurdum hinne binne twa bruorren drok dwaande mei gearsmeanen en opromjen. Se binne noch jong, mar sjogge dit wurk as in 'famyljetaak', want ek pake en heit binne hjir oan it wurk. Ien fan de broers praat konsekwint allinnich mar Frysk en de oar allinnich mar Hollânsk.

En út it Hea! simmerargyf
In Goeie! mei puberpraat oan 'e wetterkant by de Grote Wielen yn Ljouwert en... Jeu-de-boule is net allinnich foar âldere minsken! De jeu-de-boule ferieniging wol ek bern waarm meitsje foar dit spultsje. Se organisearje dêrom spesjale middeis foar bern, ek op De Lemmer. Der kamen aardich wat bern op ôf en dy koenen harren mar útlibje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)