Hea! fan 29 april 2015 18:20

Knuffelje mei bisten, dat makket de dei wer goed! Fiif studinten fan it Nordwin College yn Ljouwert diele de leafde foar harren húsdieren mei de bewenners fan Friesma State. Hûnen oankrûpe en mei se te kuierjen, de âlderen fine it geweldich. En... der wurdt sels mei de bisten praat.

Frisse lucht, gekke sprongen en farsk gers ûnder de hoeven, de kij meie der wer út! Foar Sjoerd Miedema út Haskerdiken is it suver de moaiste dei fan it jier: "Skjinne poaten, skjinne jaren, de sinne der op en dan rûkt it wer sa lekker!". Kij yn 'e greide, boer Sjoerd soe net oars wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)