Hea! fan 29 april 2013

  • St. Piter tsjerke yn Grou

Yn Grou wapperet regelmjittich in flage fan de toer fan de Sint Piter-tsjerke. Rinnie en Dita Huisman binne de kosters fan de tsjerke en Rinnie is ferantwurdlik foar it klearmeitsjen fan de flagen. Dizze dagen moat de Hollânske flage yn top fansels, mar Huisman hat ek oare flagen op 'e souder lizzen...

Yn Goeie! treffe wy in man dy't dwaande is mei it klearmeitsjen fan de boat foar it nije farseizoen. Ynkoarten hopet hy wer wat tochtjes mei de frou te meitsjes. Neffens de man kin der mar ien kaptein op it skip wêze én dat is de man fansels. Hy is al 40 jier troud en neffens him is syn frou it hjir hielendal mei iens...

Yn 2008 lieten wy yn Hea! de keninklike samling fan de 10-jierrige Annelies Jongsma sjen. Sy hie doe har eigen tentoastelling mei keninklik guod yn it Fries museum..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)