Hea! fan 28 novimber 2014 18:20

Frans en Gina Vonk fan Broeksterwâld krigen begjin novimber in bysûndere gesinsútwreiding. Harren boerboel hûn Chica hat 17 pups krigen en dat is hiel bysûnder. Frans hat it der mar drok mei. Hy fuorret alle pups by en hat der in dei- en nachttaak oan.

Josha de Vries hat trije kear yn de wike in spesjaal tripke mei syn bern. Hy hat in geskinkewinkel en moat regelmjittich âld papier en doazen fuortbringe. Hy docht dat altyd mei in stekwein en nimt syn bern dan altyd mei. Om de beurt, want se kinne net mear mei syn beiden tagelyk op de stekwein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)