Hea! fan 28 novimber 2013 17:40

Ton Visser fan Boalsert hat by de bushalte in hûn fûn. Ton hat 'Kareltje' mei nei hûs nommen en hoedet en noedet it bist mei in soad leafde. Op Facebook besykje se syn baaske te finen.

Yn Wâlterswâld is mei de stoarm de hoanne fan de tsjerketoer waaid. Dat mei net wer barre en sadwaande makket Ate de Jong yn syn wurkpleats in nije, steviger konstruksje. En no't de hoanne der dochs ôfleit, krijt er ek in skilderbeurt fan Jan Slagman.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)