Hea! fan 28 maart 2014 17:40

De iishal fan Ljouwert hat yn it wykein fan 22 en 23 maart de iismasines útsetten. It seizoen is wer dien en it iis moat der sa gau mooglik út. De mannen binne tige hurd oan it wurk, mar der is ek tiid foar in bakje kofje en wat wiis praat.

En op Hoeve Waterschap binne Gert en Krista Diever op dit stuit smoardrok om op har camping alles wer klear te krijen foar de iepening fan it toeristeseizoen. De hoeve is neist in drokke buorkerij ek in boerecamping en der moat noch in soad himmele en ynrjochte wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)