Hea! fan 28 maart 2012

De skippen fan Hoekstra
Wopke Hoekstra (79) fan Koatstertille komt út in turfskippersfamylje. Hy hat sels ek syn hiele libben skipper west en syn hûs stiet no fol mei guod fan âlde skippen. It pronkstik is de skipsbel fan it turfskip fan syn pake. Op syn âlde dei makket Hoekstra skipkes fan kopertried en telefoankabel en skilderet er syn favorite skipsmodellen.
 
Goeie!
Iris Stellingwerff en Siegrid Veldmeijer skeare foar de earste kear in hynder. It hynder fynt it allegear wat spannend, mar de famkes libje harren hielendal kreatyf út mei it skearapparaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)