Hea! fan 28 juny 2016 18:20

Bob de Boer waard as Bareld de Boer berne yn Fryske Peallen. Doe't hy 17 jier wie emigrearre Bob mei syn âlden nei Amearika. Bob buorke oh sa goed oan de oare kant fan de oseaan en begûn Fryske hynders te ymportearen. Yntusken is Bob 81 jier en hannelet hy noch altyd yn Fryske hynders. Sa kocht hy yn jannewaris op de hynstekeuring yn Ljouwert tolve Fryske hynders dy't mei werom gongen binne nei Michigan.

Op it stoart fan Stiens trof Hea! Jan en Tineke Bloemsma oan. Se sille ferhúzje, want der moat mear romte komme foar de hobby fan Jan.

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)