Hea! fan 28 jannewaris 2012

Trimme yn 'e bosk fan Wikel
Elke tiisdeitemoarn trimme sa'n 20 froulju yn 'e leeftiid fan 50 oant 80 jier yn it Menno van Coehoorn-bosk fan Wikel. Sels yn waar en wyn dogge se har oefeningen mei rekke en strekke. Se slaan bûten de simmerfakânsje om gjin wike oer. Wa fan 'e groep is it fanatykst en wa is it âldst?
 
Boomsma nei 45 jier fan it dak ôf
Dakdekker Arie Boomsma sil nei 45 jier mei de VUT. Hy docht syn lêste putsje yn Snits. Boomsma hat genôch plannen foar de takomst, al is er der noch net wis fan oft stofsûgje te swier wurk is. Hy hat fansels fan alles meimakke mei it pleatsen fan koepels op 'e dakken. Op it dak fan in bordeel hat er der wolris stikem trochhinne sjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)