Hea! fan 28 febrewaris 2012

Heawein troch de knibbels
Ale de Boer fan Berltsum hat in heawein út de 50'er jierren taskood krige. De bedoeling wie om him op te knappen, mar dêr wie gjin begjinnen oan. Doe't er de wein nei binnen ried, foel er hielendal útelkoar. Dus hat er wat oars betocht.
 
De iiskeninginnen fan Skearnegoutum
Doe't Piri Schaaper en Anna de Vreeze gjin wurk mear hiene, hawwe se in nije stap yn harren karriêre set. Yn de garaazje fan it wenhûs yn Skearnegoutum berêde se no ambachtlik iis foar de ferkeap. Se meitsje de kâlde lekkernij yn in soad ferskate smaken. Mar der wiene ek in pear hiel minne kombinaasje-ideeën.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)