Hea! fan 28 desimber 2012

Hjoed in kompilaasje fan reportaazjes út Hea! út de twadde helte fan 2012. Opmerklike minsken sa as toiletfrou Corry en boskwachter Jan Willems mei syn rôffûgel Kate.
Mar ek de kleanskoarre fan Anna Kamstra yn Bitgum en Reinder Kuiken en syn bisten komme foarby.
Wy sjogge noch Sjoukje en Pieter mei harren swan Ducky en de skûtsjefarders út Earnewâld yn 'e jaachline. En hoe siet dat ek alwer mei de leafdesbrêge en sjonger Bram Mozes? Wy hawwe dit jier ek wer alle wiken Goeie! sein tsjin gewoane, bysûndere minsken, samar op it hiem of ûnderweis mei de fyts of de hûn.

Fansels litte we ek de meast opmerklike reportaazje fan Hea! fan dit jier nochris sjen, de reis fan fytser Wiebe Idsinga dy't op pinkstermoandei by de fytsalvestêdetocht as lêste oankaam yn Boalsert.
Dit alles is noch wer ris te sjen yn twa dielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)