Hea! fan 28 augustus 2012

Guido Bil fan Aldtsjerk is gek fan it tillevyzje-programma 'the A-team', in searje dy't giet oer in groepke manlju dy't yn harren bus stride tsjin ûnrjocht. Guido is foaral gek fan de bus fan it A-team. En yn in boereskuorre hat hy dizze bus de ôfrûne twa jier hiel sekuer neimakke.

En út it Hea!-simmerargyf:
Frou Land fan Offenwier hat in prachtige tún. Sy is 92 jier en wurket noch alle dagen yn har tún. Sy hâldt de tún net oerein, de tún hâldt har oerein seit se. Oan ien ding hat se in grutte hekel, en dat binne de slakken yn har tún. Mar foar't se se fertrapet, docht se der earst noch wat oars mei.
(in werhelling fan 25 juny 2012)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)