Hea! fan 27 oktober 2016 17:35

Kninen, hinnen, dowen, kavia's... Allerhande plomfee wurdt beoardiele op de grutte Frieslandshow yn sporthal De Trimmer yn Dokkum. De karmasters dogge harren bêst om elk bist in goeie beoardieling te jaan. Mar der is ek tuskentroch wol tiid om efkes nei in hamsterke mei in siik poatsje te sjen..
By Peter Dieleman thús yn Hilaard geane je werom yn 'e tiid. De âld pleats is fan binnen hielendal yn de styl fan de 20-jierren. Telefyzje en kompjûter docht Dieleman net oan. Sa besiket de learaar ek de rêst te finen as tsjinwicht fan syn drokke wurk.

Frieslandshow yn Dokkum

It hamsterke fan Aimee hat in seare poat. De karmasters fan de Frieslandshow ha it drok mei it beoardieljen fan allerhande bisten, mar wolle dêr ek wol efkes nei sjen.

Alde tiden yn Hilaard

Libje sûnder telefyzje, kompjoeter of auto. Peter Dieleman fan Hilaard docht it. Yn syn pleats yn Hilaard werlibje âlde tiden, en mei in piip en in boek fynt Dieleman dêr de rêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)