Hea! fan 27 oktober 2012

Hea! stiet hjoed hielendal yn it teken fan Warkum. Ofrûne woansdei kamen de tradisjonele fiskersboaten wer foar it earst de haven yn. Wa hat de measte fisk fong? De fisken binne neffens âld gebrûk nei it leugenbankje brocht om keurd te wurden. Wy folgjen Piet Bouma, dy't mei twa jonge learling-fiskers te fiskjen west hie. Dêrnei gie it nei de merk, dêr't de fisk by opbod ferkocht waard troch karmaster Doede Bleeker.

Ek de Goeie! komt út Warkum, makke tusken de ferkeapers op de merk.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)