Hea! fan 27 maart 2014 17:40

Yn hast alle Fryske doarpen stiet in hoanne op 'e toer. Mar yn Wierum net, dêr stiet in skipke op 'e toer. En dat skipke hong der nei de oktoberstoarm fan ferline jier hielendal bryk by. Restauraasje wie needsaaklik en boubedriuw Van der Werff út Dokkum hat it skipke wer hielendal oplape en op 'e nij ferguld. Tongersdeitemoarn sette timmerman Doede Jongsma mei help fan in teleskoopkraan it skipke werom op 'e tsjerketoer. En as men dan ien kear boppe is.... wat is it dêr dan moai!

En skoalbern stride yn Burgum foar in plakje yn de finale fan it Frysk Bernesjongfestival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)