Hea! fan 27 maart 2012

'In hynder is better as in psychiater'. Dat seit Jippe Burmania. Hy is de eigener fan in Haflinger, dy't al hiel wat prizen foar him wûn hat. Syn hynder hat krekt har 15de foalle smiten. Burmania hat in swiere jeugd hân, en syn hynder hat him faak ta treast west.

Yn Harich hawwe se in bysûndere klup: de 'herenkraamclub'. De klup bestiet al rom 50 jier út manlju út de buert De Westerein. By eltse nije poppe komme de manlju om in poppeslokje. Dizze gearkomsten fan de 'herenkraamclub' kenne in soad tradysjes. Ditkear kamen de manlju foar de fjirde kear op poppeslok by de famylje Schotanus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)