Hea! fan 27 maaie 2013

  • Germ Visbeek

Yn Drachtsterkompenije wennet Bart Bron. Hy makket sels skipkes, gewoane en radiografysk bestjoerbere. En ek noch fleanend guod. Sa wol hy it Hea! team syn helikopterke wol efkes demonstrearje achter it hûs. Mar dat giet net hielendal goed....

Germ Visbeek fan Marrum is út de skroeven. Hy hat syn trekker werom! Heal april wie syn trekker by de garaazje wei stellen, en sûnt dy tiid siet Germ mei de hannen yn it hier. Hoe moast hy no mei gasten op ekskurzje nei it Noarderleech? Mar nei in reportaasje yn Hea! kaam der in tip oer it fynplak fan de trekker.....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)