Hea! fan 27 juny 2016 18:20

Rudolf de Jong fan Aldhoarne hat in passy foar Fryske hynders. Hy hat der sels fjouwer. Mar no hat hy der ek noch ien yn syn wurkpleats stean. Rudolf hat dit Fryske hynder hielendal fan ôffalhout makke. Syn hynder wie de eyecatcher yn de hal fan it WTC-Expo by de hynstekeuring yn Ljouwert. It houten hynder moast dus op transport en dat hie noch hiel wat fuotten yn 'e ierde.

De minsken fan Empatec yn Frjentsjer binne drok dwaande om 1500 blikken mei bysûndere wikkels klear te meitsjen. Dêrnei wurdt der Winters Grutsk op it deksel plakt. En dit alles wie foar de iepen dei fan Empatec en Pastiel yn jannewaris fan dit jier.

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)