Hea! fan 27 juny 2014 17:40

Hindrik en Allard wiene fyftjin jier lang kollega's op it kantoor fan in boubedriuw. In jier ferlyn is it bedriuw fallyt gien en doe wiene Allard en Hindrik wurkleas. Allard kaam mei it idee by Hindrik om tegearre in bedriuw te begjinnen yn selsmakke útfeartkisten. Sûnt koart makket Hindrik deakisten en soarget Allard mei syn mobile houtseachmasine foar moaie planken hout. Kommende sneon is der iepen dei yn it tsjerkje fan Poppenwier.

Ut it Hea!-argyf gean wy werom nei 24 maart 2014. Louw van der Veen fan it Harnzer sloopbedriuw Haarsma sloopt it allerlêste stik fan in âlde pleats tichtby Marsum. Neffens Van der Veen is slopen in prachtich fak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)