Hea! fan 27 juny 2013

  • Jaring Rijpma en pakesizzer

Hieslum hat in modelfleanklup, 'the Eagles'. Jaring Rijpma is de driuwende krêft achter de klup. Ek syn pakesizzer hat hy al hiel entûsjast makke foar it fleanen. En it moaiste is dan dat je earst tegearre je eigen fleantúch bouwe fansels...
(foar mear ynformaasje www.theeagles.nl)

Ut it Hea!argyf fan 12.01.2013
Yn Easterlittens steane op de pleats fan Van der Woude de kij rêstich op stâl. Alteast, sa liket it. Want tusken de kij binne de 17-jierrige Silke en Lobke oan it wurk. Se skeare de keallen en hokkelingen want dêr wie it neffens de froulju oan it begjin fan in nije jier moai tiid foar. It is noch in hiele toer, want de bisten stean net moai stil fansels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)