Hea! fan 27 juny 2012

In brêge sûnder wipper is as in boat sûnder skipper! stie op in spandoek doe't Pieter de Boer yn 1999 25 jier brêgewipper wie yn Warkum. Mar 30 juny is no de dei dat er definityf in punt set wurdt efter dit wurk. Wat ea begûn út needsaak is útgroeid ta syn grutte passy! De Noarderbrêge yn Warkum is dan ek better bekend as Pieter syn brêge!

Hy docht syn wurk mei in soad nocht en stiet simmerdeis sân dagen yn 'e wike op de brêge. Yn maart is Pieter 65 jier wurden. Mar dat wie neffens him gjin moanne om ôfskie te nimmen. No is it dan safier.

It giet net altyd goed yn groep 7 fan basisskoalle it Fûnemint yn Wommels. Mar master Groeneveld fynt dat je bern earder beleanje as straffe moatte, en dus kaam der in beleanningssysteem. Dat die fertuten en no hienen de bern wat leuks fertsjinne. Se mochten sels kieze wat en dat waard in middei fierljeppe mei master. In werhelling fan 5 april 2012.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)