Hea! fan 27 febrewaris 2013

Under de mûne yn Stiens stiet in lyts hokje, Anna's patattinte. It is it domein fan Anna de Hoop, en ek al in hiel skoft. Al 27 jier bakt Anna hjir de patat en se hat dan ek al hiel wat klanten yn har patathok hân.

Yn Goeie! in heit dy't syn dochters krekt fan skoalle helle hat. De froulju wolle te boartsjen en hawwe ûnderling al bepraat hoe't dat regele wurde moat.

En yn Balk sitte Anneke de Groot en har man om 'e tafel. De tafel leit fol mei teepûdsjes, want dêr meitsje se mandala's fan. Se sparje al mear as 15 jier teepûdsjes en hawwe der dan ek al mear as 20 tûzen fan oer de hiele wrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)