Hea! fan 27 augustus 2014 17:45

Klaas Nicolai hat wol in flat yn Ljouwert, mar as it efkes kin wennet hy op syn âlde wenark op de Kleine Potten by Snits. Hy siedt it iten nog op butagas en pompt it wetter dat hy nedich hat út de mar, lykas 61 jier lyn doe't hy en syn frou de wenark kochten. Nicolai is no 86 jier en docht alles noch sels. De ôfrûne simmer hat hy syn hiele ark wer yn 'e ferve setten. En salang't hy dat noch kin, wol hy it arkje, dêr't hy sa oan hinget, net kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)