Hea! fan 27 augustus 2012

Wolkom Thús stie der freed op in grut spandoek njonken it hûs fan Louw Bijma. De 67-jierrige Bijma hat 13 wiken fan hûs west en is doe fan de westkust nei de eastkust fan Kanada fytst en dêrnei sels oant New York ta. In monstertocht fan rom 6400 kilometer. Syn famylje, freonen en buorlju stienen him fol ferwachting op 'e dyk op te wachtsjen.

En út it Hea! simmer-argyf:
Hast twa jier lyn wie Hea! by Age Jan Leyenaar fan Minnertsgea. Age Jan woe graach in freondinne en die in oprop. Mar hoe is it no mei Age Jan? Hy hat it hiem wat opromme en ek leuke reaksjes hân, mar hat it ek in frou opsmiten?
(in werhelling fan 28 juny 2012)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)