Hea! fan 26 septimber 2012

  • grutte sinneblom

Foarige wike hienen wy yn Hea! in sinneblom mei wol 20 blommen op ien stâle. Wie dat net bysûnder? No blykber net bysûnder genôch, want ferskillende minsken lieten witte dat sy nóch mear blommen op ien stâle hawwe. Mar de kroan spant wol de sinneblom fan de famylje Veldhuis yn Skettens, ek al hat dizze blom miskien wol wat help hawn.

Wy sizze Goeie! yn Tersoal tsjin in man dy't drok dwaande is mei syn boat.

Nijhoarne stiet no al op 'e kop want it duorret noch mar in pear dagen en dan binne de Flaeijelfeesten der wer, it grutte Fryske kultuer histoaryske evenemint.
Oeral binne frijwilligers drok dwaande mei it opbouwen fan de nostalgyske merke, in komplete doarpsstrjitte út 1920 en nim mar op.
(foar mear ynformaasje sjoch www.flaeijel.nl)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)