Hea! fan 26 oktober 2016 17:35

Floris Boekema fan Oerterp woe in pappegaai op syn jierdei. Want pappegaaien binne nuet en je kinne mei se prate. Yntusken is Elmo syn grutte freon. Hast alle dagen giet Floris mei Elmo op 'e fyts in slach troch syn doarp.
En Piet Kamstra fan Boalsert sit te fiskjen yn Burchwert. Tritich jier lyn socht hy dit plakje ek al op as hy te fiskjen gong.

Pappegaai Elmo

Floris wol boargemaster wurde fan Oerterp, dan fan Drachten en dêrnei fan Amsterdam. En as hy dêr dan de baas is lit hy grutte pappegaaie-fjilden oanlizze.

Fiskje

Piet Kamstra wol in karper fange. Mar dan moat je al geduld ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)