Hea! fan 26 novimber 2015 18:20

Namle Otter fan Donkerbroek is 93 jier en noch elke tiisdei te finen by de damklup. Damjen is syn passy en hy kin it mar net litte. Hy docht it foar it spultsje, mar ek om te winnen...

Edwin Bergsma fan Reduzum hat hast wol 6000 platen. Hy hat se allegearre yndield yn kategoryen en dan ek wer op alfabet te stean. Dêrneist hat hy ek noch mear as 20 platespilers dy’t it hast allegearre dogge. En.... hy is noch hieltyd op syk nei mear!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)